Eachwiid

 

Rein Halbersma (1949, Wânswert o/d Streek) hat yn 40 jier keunstnerskip in oeuvre opboud dat foaral bestiet út oaljeferfskilderijen, akwarellen en wosken inket- en kryttekeningen. Syn wurk is figuratyf en in wjerslach fan fassinaasjes dy’t er syn libben lang trou bleaun is. It is sterk ferbûn mei Noardeast-Fryslân, sawol hoe’t dizze wrâld wie as hoe’t dy no is.

Dit jier ferskynt in boek oer en mei syn wurk: Eachwiid. Yn it boek binne sa’n 50 wurken fan syn hân byinoar brocht. Se binne opdield yn ferskillende tema’s, dy’t ynlieden wurde troch de keunstner yn de wurden fan skriuwer Jack de Boer.

It boek sil presintearre wurde by de iepening fan in eksposysje fan Rein Halbersma yn Moddergat op 19 septimber 2020. It sil 80 siden wêze, fullcolour, en € 19,50 kostje.

Jo kinne it reservearje troch hjir yn te tekenjen. It boek wurdt jo nei ferskinen sûnder ferstjoerkosten tastjoerd mei in faktuer derby.

Boekgegevens:

Tekst: Rein Halbersma
Prijs: € 19,50
Verzenkosten: geen



De intekenactie voor het boek EACHWIID is gesloten. U kunt het boek bestellen via de webshop van wijdemeer:  https://www.wijdemeer.nl/webshop/